Fyts lytse man werom op De Syl

01 okt 2012 - 12:29

De fyts fan Kleine Gerrit Keizer is sneon nei in lange syktocht weromkaam yn Aldebiltsyl. Keizer wie yn de foarige ieu in bekend sirkusartyst. Mei syn 85 sintimeter presintearre hy him as de lytste man fan de wrâld. Hy trede op yn grutte shows yn Amearika. Op foto's is Keizer faak te sjen mei syn op maat makke fyts, in Gazelle út 1920. De fyts wie yn Kanada by in famyljelid fan Keizer syn eardere manager Bos. De fyts is meinaam troch in âld-ynwenner fan Aldebiltsyl dy't dit wykein weromkaam foar in reüny yn it doarp.

'Klaine Gerrit' wie as merke-artyst te sjen fan London, Parys oant en mei New York. It fytske stiet by Joukje Dijkstra yn Aldebiltsyl. Klaine Gerrit Keizer wie har âld-âld omke. Doel is om de fyts mei oare attributen fan Gerrit Keizer út te stallen. Yn 1946 ferstoar Keizer yn de âldens fan 72 jier yn Aldebiltsyl.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)