Fyts fergees parkeare Ljouwert

01 nov 2008 - 13:20

It parkearen fan de fyts yn Ljouwert is fan sneon ôf makliker en fergees. De fyts kin no yn oerdutsen en feilige fytsestallings set wurde, yn it sintrum fan de stêd. De rôzekleurige buorden, dy't de stallings oanjouwe, stean op ferskate plakken yn de stêd.

De fyts kin oerdutsen stald wurde op twa plakken yn de stêd: yn de kelder fan winkelsintrum it Saailân en yn de stalling op it Ruterskertier. De aksje is in ûnderdiel fan de berikberens- kampanje fan it projekt Nij Saailân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)