Fyts-APK út ein set

27 sep 2010 - 12:28

De fytsen fan goed 3500 skoalbern út hiel Fryslân wurde de kommende wiken kontrolearre troch it Fytsersbûn. Mei de aksje Fryske Fyts-APK giet it Fytsersbûn alle jierren by middelbere skoallen del.

Moandei wie de offisjele start op it Dokkingakolleezje yn Dokkum. Homme Biemold, distriktsfoarsitter fan Veilig Verkeer Nederland, ôfdieling Fryslân wie derby, lykas sterke man Wout Zylstra, dy't de aksje iepenje mocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)