Fysioterapeuten yn aksje

25 nov 2003 - 00:00

Sa'n 200 Fryske fysioterapeuten hâlden tiisdei de doarren ticht om aksje te fieren yn Den Haach. De fysioterapeuten binne lulk op minister Hoogervorst fan folkssûnens. Hy soe noch folle mear besunigje as ôfpraat. It giet yn dit gefal om ekstra besunigings fan 136 miljoen euro boppe op de earder oankundige 425 miljoen euro.

Gefolch fan 'e besunigings kin wêze dat âlderen mei groanyske syktes gjin of minder fysioterapy mear krije.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)