Fysioterapeuten gean by-inoar

11 okt 2012 - 11:18
  • Fysiotherapie

Fjouwer fysioterapypraktiken yn Ljouwert foarmje sûnt koart in koöperaasje om pasjinten better helpe te kinnen. Troch de gearwurking kinne de ôfsûnderlike praktiken harren spesialisearje wêrtroch't klachten better oanpakt wurde kinne.

Foar sikehûzen is dat ek ideaal. Behanneljende dokters kinne de pasjint trochferwize nei fysioterapeuten dy't alles oer de spesifike klacht witte.

De koöperaasje bestiet út Het Spectrum, Fysio Kees van de Velden en Fysio Brouwer/Tjoelker út de wyk Nijlân yn Ljouwert en Fysiotherapie Ljouwert-Súd yn 'e wyk Suderbuorren.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)