Fynster earste ljipaai: It baarnde my yn

14 mrt 2016 - 17:18
  • Armanda krijt de Sulveren Ljip
  • Armanda Stuiver hie it drok nei de fynst fan it earste ljipaai

"Ik wie al earder it fjild yngien en it kribele sa", sei fynster Armanda Stuiver fan it earste ljipaai moandei tsjin Omrop Fryslân. Foar har is in dream útkaam: "Ik woe al jierrenlang it earste aai fûn hawwe."

Armanda is de twadde frou dy't it earste ljipaai fûn hat. Se fûn it aai yn in stik boulân oan de Fûgelsangwei tusken It Hearrenfean en Sint-Jânsgea. Ferskate kearen hie se yn it lân yn west en moandeitemoarn seach se by de earste slach troch it lân it earste aai fuortendaliks lizzen. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)