Fynsten út de Stientiid

12 nov 2002 - 00:00

By bouwurksumheden op De Lemmer binne fynsten út de Stientiid foar it ljocht kommen. Dat is de perioade fan 8800 oant 2000 foar Kristus. It spul lei bedobbe oan de Strjitwei, dêr op 't stuit in bedriuweterrein oanlein wurdt. It lei op acht ûnderskate plakken. Troch de wiete grûn is it goed bewarre bleaun.

Provinsjaal archeolooch Gilles de Lange neamt de fynst 'belangryk'. De stikken moatte noch wol neier ûndersocht wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)