Fyftichste beamfeestdei

21 mrt 2007 - 13:55

Op ferskate plakken yn Fryslân ha skoalbern woansdei in beam plante. Se diene dat yn it ramt fan de lanlike Beamfeestdei.

It is woansdei de fyftichste kear dat dizze dei hâlden wurdt. Om dy reden krigen de skoallen ek in spesjale jubileumbeam. Basiskoalle De Skeakel yn Aldegea yn Gaasterlân, wie troch de provinsje útkeazen as aksintskoalle. Deputearre Andriesen holp dêrom by it plantsjen fan in beam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)