Fyftich ynsprekkers oer mûnen

31 mrt 2014 - 07:43

Sa'n fyftich minsken en ynstellings sprekke fan 'e wike yn by Provinsjale Steaten oer benammen wynmûnen yn de Iselmar. Moandei en tiisdei binne der ynsprekmooglikheden yn Drylts en woansdeitejûn is it yn Ljouwert.

Earder waard ek al praat oer hoe yn hiel Fryslân om te gean mei de komst fan wynmûnen. Doe waard dúdlik dat de Friezen op de fêste wâl gjin grutte wynparken hawwe wolle. Der lizze konkrete plannen foar de komst fan wynmûnen yn de Iselmar. Mar dy plannen smite ek ferset op.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)