Fyftich nije rekreaasjewenten yn Balk

29 apr 2015 - 18:38

Der komme fyftich rekreaasjewenten oan de Lutsmûning yn Balk. It gemeentebestjoer fan de Fryske Marren hat hjir grien ljocht foar jûn. De wenten komme oan de noardwestside fan de Luts tusken Balk en de Sleattemermar, flakby bungelowpark Markant en rekreaasjepark Marswâl. De bewenners fan bungelowpark Markant makken earder beswier tsjin de plannen.

By de nije wenningen soe in wettergong komme. De bewenners fan it bungelowpark wienen benaud foar wetteroerlêst.

Dizze wettergong komt no op in oar plak: fan de Luts ôf ûnder de dyk troch, mei in fêste brêge yn it Tsjamkedykje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)