Fyftich jier oargelspylster

05 jan 2005 - 12:27

De Herfoarme Tsjerke fan Stiens fiert dit jier in unyk jubileum. Frou Griet Talsma-Calsbeek bespilet fyftich jier it oargel yn 'e tsjerke. Dat wurdt betocht op in bysûndere tsjerketsjinst op snein 23 jannewaris. Frou Talsma hoecht dan sels net te spyljen. Dat docht de ferneamde Jan Jongepier.

Griet Talsma krige ferline jier al in lintsje foar har muzikale ynset. Njonken oargel spylje, begeliedt se ek koaren en oratoariumferienings op piano.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)