Fyfke fûn yn skriezenêst

18 apr 2004 - 00:00

Yn de greiden op It Skrok by Easterein ha neisoargers snein in wol hiel spesjale fynst dien. Sy fûnen yn in skriezenêst in fyfke. It komt hast net foar dat in skries in fyfke leit.

Neisoargers sjogge de lêste jierren better ta op de nêsten fan de skries omdat dy hieltyd minder foarkomt. De aaien komme wol út, mar in soad pykjes oerlibje it net. It nêst mei it fyfke is oanjûn en wurdt fierder mei rêst litten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)