Fyfde winst follybalfroulju

03 nov 2013 - 14:13

De follybalfroulju fan Snits draaie noch altyd mei boppe-oan yn de Dela earedivyzje. De froulju fan Petra Groenland wûnen sneon yn Almelo mei 3-0 fan Eurosped en ha nei 5 wedstriden noch altyd net ferlern. Yn de earste set wienen de Snitser froulju mei 25-21 te sterk. Yn de twadde set wie it spannend en gong de winst mei 26-24 nei de Snitsers. Yn de tredde set makken se it ienfâldich ôf mei 25-19.

Snits stiet op it twadde playk yn de earedivyzje mei 13 punten. Alterno út Apeldoorn giet oan de lieding.

Nije wike sneon nimme de Snitser froulju it thús op tsjin de nûmer 8 Peelpush.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)