Fyfde Friesche Leeuw-hurdfytsrit

24 mrt 2002 - 00:00

De fyfde rit fan de foarjierskompetysje fan de Ljouwerter hurdfytsferiening de Friesche Leeuw telde sneon 65 dielnimmers. Fan it begjin ôf waard der hurd fytst. It peloton tinne dêrtroch gau út.

De kopgroep bestie út: Sierd Steigenga fan Eksmoarre en Taeke Oppewal, René van der Meulen en Martin Schuttert fan it Hearrenfean. Steigenga waard winner. Nije wike sneon is de lêste rit.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)