Fyfde fertochte drugssaak pakt

04 mrt 2013 - 13:57
  • Drugs

De plysje hat snein in 20-jierrige ynwenner fan Koatstertille oanhâlden yn it drugsûndersyk dat op dit stuit oan 'e gong is yn Noardeast-Fryslân. By dat ûndersyk wurdt sjoen nei drugsbesit, it brûken fan drugs en de hannel deryn. De ynwenner fan Koatstertille is yn syn hûs oanhâlden. Hy is de fyfde fertochte dy't yn it ûndersyk oanhâlden is. Hy is fêstset op it buro foar fierder ûndersyk. De plysje slút mear oanhâldings net út.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)