FVC wint, Snits WS ferliest

17 apr 2011 - 16:40

Sneinshaadklasser FVC kin nei in 1-0 oerwinning op Rheden noch altyd direkte degradaasje ûntrinne. Neiste konkurint Snits Wyt Swart ferlear yn deselde haadklasse mei 3-0 fan NEC, sadat it ferskil no trije punten is. Snits WS stiet ien plak heger en hat in better doelsaldo. Foar FVC skoarde oanfaller René Kalsbeek it doelpunt.

NEC krige tsjin Snits WS in soad kânsen, mar Snits-keeper Bantema koe foar rêst de nul hâlde. Nei de tee waard it krêftsferkil wol sichtber.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)