FVC wint fan Rheden: 2 - 1

14 nov 2010 - 16:41

Yn de haadklasse fan it sneinsfuotbal hat FVC mei 2-1 wûn fan it ûnderoan steande Rheden. Yn de earste helte waard der troch beide ploegen strie- ende striemin spile. Yn de twadde helte kaam FVC op in 1-0 efterstân.

It wie René Hoen dy't de lykmakker makke. De winnende treffer kaam fan Bangoura. De Ljouwerters hawwe no in foarsprong fan 11 punten op Rheden. Snits Wyt-Swart spile sneon yn Nijmegen mei 2-2 lyk tsjin NEC.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)