FVC útskeakele foar de beker

15 apr 2015 - 22:26
  • FVC

FVC is woansdei yn de kwartfinale fan it bekertoernoai útskeakele. It Asser ACV wûn op sportpark Wiarda mei 2-1 fan de Ljouwerters. It wie in terjochte oerwinning foar ACV dat de better fuotbaljende ploech wie. Yn de 41e minút sette Robin Mulder de ploech út Assen op in 1-0 foarsprong. Yn de 61e minút like de wedstriid beslikke doe't Firosan Ademi de 0-2 makke. FVC kaam lykwols yn de 67e minút werom troch in goal fan Ruurd Algra. Dyselde spiler rekke ek noch in kear de latte, mar fierder kaam FVC net.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)