FVC ûnderút tsjin Hercules

26 jan 2014 - 16:25
  • FVC

FVC hat snein mei 5-1 ferlern fan koprinner Hercules. Op eigen fjild seagen de Ljouwerters nei 24 minuten tsjin in efterstân fan 1-0 oan. Op slach fan rêst tekene Hercules foar de 2-0. Nei it skoft like it noch efkes spannend te wurden, doe't Ruurd Algra foar de oanslutingstreffer tekene. Dêrnei wie it lykwols ienrjochtingsferkear rjochting de goal fan FVC. Hercules rûn fan 2-1 ienfâldich út nei in maklike en romme oerwinning.

De ploech fan trainer Bert Hollander bliuwt op 17 punten út 15 wedstriden stean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)