FVC stridend únderút

20 mrt 2011 - 14:29

FVC Ljouwert hat sneontejûn yn de sneinshaadklasse mei 3-2 ferlern fan koprinner Be Quick 1887 út Grins. Op sportpark Wiarda kamen de besikers nei in kertier op foarsprong, mar trije minuten letter skoarde Sander Seinstra nuveraardich. Ut de middensirkel wei kaam de lykmakker mei in lob oer de keeper ta stân.

Yn in fûle wedstriid waard it nei rêst 2-2, mar kamen de Grinzers troch in benutte penalty as winner út de striid.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)