FVC slút seizoen ôf mei 4-0 ferlies tsjin Quick '20

10 maaie 2015 - 16:04
  • FVC

FVC hat de lêste wedstriid yn de haadklasse ôfsletten mei in 4-0 ferlies tsjin Quick '20. Op sportpark Wiarda kamen de Ljouwerters yn de earste helte op in 2-0 efterstân. Nei it skoft makke de gasten út Oldenzaal der 3-0 fan, wêrmei't de wedstriid definityf spile wie. Mei de fjirde treffer tekene Quick '20 úteinlik foar de einstân.

FVC wie in oantal wiken lyn al wis fan degradaasje en is takom seizoen aktyf yn de earste klasse.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)