FVC sjocht gat grutter wurden

10 apr 2011 - 16:39

Sneinshaadklasser FVC liket it nei in 4-2 ferlies tsjin RKHVV en mei noch fjouwer wedstriden te gean hiel dreech te krijen. FVC stiet op it ien nei lêste plak en dat betsjut direkte degradaasje. It gat mei Snits WytSwart dat boppe FVC stiet is seis punten. FVC krige kânsen en kaam troch in doelpunt yn de krusing fan Geert Faber op foarsprong, mar de besikers benutten de kânsen folle better. De rêststân wie 3-1. Bangoura makke it twadde FVC-doelpunt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)