FVC pakt wichtige punten

02 feb 2014 - 15:57
  • FVC

FVC hat snein wichtige punten pakt troch mei 5-2 te winnen fan RKHVV. Op eigen fjild kamen de Ljouwerters al nei 9 minuten op 1-0 troch in treffer fan Ruurd Algra. RKHVV revansjearre him mei twa rappe tsjintreffers, wêrtroch't it 1-2 waard. René Hoen brocht de stân foar rêst wer yn it lykwicht.

Nei rêst moast RKHVV mei 10 man fierder nei in reade kaart foar de keeper. Hoen profitearre fan de man-mear-situaasje en sette de Ljouwerters wer op foarsprong. Robin Hollander en in twadde treffer fan Algra soargen úteinlik foar de einstân.

De ploech fan trainer Bert Hollander komt troch de oerwinning út op 20 punten út 16 wedstriden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)