FVC pakt punt út lykspul tsjin Juliana '31

08 feb 2015 - 16:05
  • FVC

FVC pakte snein in punt út it 0-0 lykspul tsjin de nûmer fjouwer Juliana '31. Op sportpark Wiarda holden beide ploegen inoar lang yn lykwicht. Yn de 39e minút moast Juliana '31 mei tsien man fierder nei in reade kaart foar de keeper.

De ploech fan trainer Bert Hollander wist lykwols net fan de man-mear-situaasje te profitearjen. De gasten út it Gelderske Malden krigen nei rêst sels de bêste kânsen op de iepeningstreffer. Yn de slotfaze wienen de Ljouwerters in pear kear gefaarlik, mar skoard waard der net mear.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)