FVC noch gjin kampioen

29 apr 2010 - 23:31

FVC is noch gjin kampioen fan de sneins earste klasse yn it amateurfuotbal. De wedstriid tsjin konkurrint Hoogeveen einige yn 1-1. De Ljouwerters, dy't al wis binne fan promoasje nei de haadklasse, moasten foar in kampioenskip perfoarst winne fan Hoogeveen.

Dat like te slagjen, want 11 minuten foar tiid sette Edwin Gros FVC op in 1-0 foarsprong. Binnen de minút makke Hoogeveen al wer lyk. By winst op GVAV Rapiditas snein is FVC wol kampioen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)