FVC net foarby Rohda Raalte

01 des 2013 - 15:56
  • FVC

FVC hat snein mei 3-1 ferlern fan Rohda Raalte. Yn Raalte stie binnen in heale minút de 1-0 foarsprong foar de thúsploech op it skoareboard. Yn de 23e minút foel der wer in doelpunt foar Rohda Raalte, dat dêrmei de marzje foar rêst útwreide nei 2-0.

Yn de twadde helte soarge Jordy van Loon yn de 70e minút foar de Ljouwerter oanslutingstreffer. Lang koe de ploech fan trainer Bert Hollander lykwols net laitsje, want 5 minuten letter stie de 3-1 op it boerd en wie de wedstriid in útmakke saak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)