FVC krijt straf fan KNVB

29 jan 2009 - 14:14

Fuotbalferiening FVC út Ljouwert hat twa punten yn mindering krigen fan de KNVB fanwege it trelit by de wedstryd tsjin Nieuw_Buinen op 7 desimber ferline jier. Dy waard flak foar tiid staakt. Nieuw Buinen moat ek twa punten ynleverje. FVC sakket troch it puntferlies nei it lêste plak yn de earste klasse F fan it sneinsfuotbal.

FVC-foarsitter Ronald_Kramer wist tongersdeitemoarn noch fan neat. Mar hy tinkt net dat syn club yn berop giet tsjin de straf.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)