FVC hast kampioen

25 apr 2010 - 16:41

Sneins earsteklasser FVC út Ljouwert kin kommende tongersdei kampioen wurde fan de earste klasse. De Ljouwerters spylje dan yn en tsjin Hoogeveen. Dat is de lêste konkurrint yn de striid om de titel. FVC hat fiif punten mear as Hoogeveen en is by winst kampioen.

FVC is al promovearre nei de haadklasse. Snein wûn FCV muoisum mei 2-1 fan Tubantia út Hengelo. Pas yn de slotminuten makke oanfierder Geert Faber de winnende treffer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)