FVC ferrast tsjin De Bataven

17 nov 2013 - 15:53
  • FVC

FVC is der snein yn slagge te winnen fan de nûmer twa De Bataven. Op eigen fjild wienen de Ljouwerters mei 1-0 te sterk. Fan begjin ôf oan naam De Bataven it inisjatyf en wie dúdlik dat de gasten út Gendt in klasse better wienen. Dochs wist FVC oant it skoft knap de nul te hâlden.

Ek nei rêst wist de ploech fan trainer Bert Hollander mei goed ferdigenjend wurk de goal fan keeper Sander Schaafsma skjin te hâlden. Jeffrey Hollander soarge mei in prachtgoal foar de winnende mar boppe-al ferrassende treffer yn de 87e minút.

It is de 5e winst út 10 wedstriden foar FVC.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)