FVC ferliest op eigen fjild fan Alcides

08 mrt 2015 - 15:58
  • FVC

De fuotballers fan FVC ferlearen snein mei 2-0 fan Alcides. Op in wynderich sportpark Wiarda kaam de ploech fan trainer Bert Hollander nei in lyts healoere spyljen op efterstân. Ek yn de twadde helte wisten de Ljouwerters gjin fûst te meitsjen. De bêste kânsen wien foar de gasten út Meppel.

FVC moast twa minuten foar de ein boppedat mei tsien man fierder nei in reade kaart foar Geert Faber. Alcides profitearre optimaal fan de man-mear-situaasje troch yn de lêste minút de 2-0 op it boerd te setten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)