FVC bliuwt noch altyd puntleas

05 okt 2014 - 16:31
  • FVC

De fuotballers fan FVC ferlearen snein mei 3-1 fan AFC Arnhem. Yn Arnhem krigen beide ploegen om en om kânsen. Nei 36 minuten spyljen wie it raak foar Arnhem en kamen de Ljouwerters op efterstân.

Fuort nei rêst makke de thúsploech de 2-0 en moast de ploech fan trainer Bert Hollander op syk nei de oanslutingstreffer, dy't yn de 65e minút op namme kaam fan Robin Hollander. In diskutabele strafskop foar AFC Arnhem makke yn de slotfaze in ein oan de Ljouwerter hoop op in lykspul.

FVC stiet noch altyd puntleas ûnderoan nei fiif wedstriden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)