Fúzjeskoalle De Toekan iepenet de doarren yn Easterwâlde

07 mrt 2016 - 08:31

Yn Easterwâlde wurdt moandeitemoarn it nije gebou fan de fúzjeskoalle De Toekan iepene. De nije skoalle telt 275 learlingen en is útstien troch in fúzje tusken obs Oostenburg en obs Tussen de Singels. It gebou fan Tussen de Singels is der min oan ta en mei dêrom is der foar keazen om de fúzjeskoalle dêr gjin stâl te jaan.

It gebou fan de Oostenburg-skoalle is ferboud mar der is ek nijboud. Skoalpersoniel hat ferline wike it gebou ynrjochte. Al mei al hat it tsien jier duorre oant de fúzje in feit wurden is.

Der komt letter dit jier ek noch in offisjele iepening.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)