Fúzjeplan Stenden en NHL presintearre; mear praktyklessen

01 jul 2015 - 19:38

Stenden en de NHL Hegeskoalle yn Ljouwert hawwe woansdei harren fúzjeplannen presintearre oan de meiwurkers en studinten. It gong benammen oer de opset fan de nije skoalle en hoe't it ûnderwiis foarmjûn wurdt.

De skoallen wolle har mear rjochtsje op de praktyk yn stee fan in soad teory. Dat is nedich om't de wrâld om ús hinne hieltyd feroaret, kennis ferâlderet gau en fernijing is de takomst. Studinten wurde mear belutsen yn it wurkfjild, sadat se fleksibel wurde.

De nije hegeskoalle stiet middenyn regio's dêr't urginte maatskiplike fraachstikken spylje. Troch in fúzje binne de skoallen better bysteat oan dizze fraach te foldwaan. It wurdt dus net ien grutte hegeskoalle, mar meardere 'kampussen' ferdield oer Fryslân en de rest fan 'e wrâld, in saneamde multykampus hegeskoalle. De studinten wurkje hjir yn 'Ateliers' en yn multydissiplinêre teams oan real-life praktykfraachstikken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)