Fúzjeklup hjit 'SC Leovardia'

14 mrt 2013 - 14:21
  • De nije klupkleuren van SC Leovardia

De nije fuotbalklup dy't ûntstiet as Rood Geel Leeuwarden en VV Leeuwarden fusearje, krijt de namme SC Leovardia. De namme is keazen nei in peiling ûnder de leden, 44 persint fan de stimmers keas foar Leovardia, oare nammen dêr't út keazen wurde koe wiene Aristides, Unitas, Apollo, Lintar en Leones.

Oer de klupkleuren foar de nije klup wiene de stimmers it aardich iens: it wurdt in swart shirt mei in giel aksint en in giele broek. De earste mienskiplik aktiviteit is in frijwilligersdei op 12 april.

De Ljouwerter fuotbalklups fusearje omdat se mei-inoar nei in nije lokaasje ferhúzje. Ek Nicator soe meidwaan, mar de leden kearden dielname oan de fúzje op.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)