Fúzje yn soarch giet net troch

31 mrt 2014 - 15:41
  • It kantoar fan Alliade op It Hearrenfean

De fúzje tusken soarchgroep Alliade en Súdeastsoarch giet net troch. De beide soarchorganisaasjes hâlde op mei de tariedings foar in bestjoerlike fúzje. Súdeastsoarch soe as dochter oan Alliade taheakke wurde.

Doel fan de fúzje wie om better ynspylje te kinnen op feroarings yn de âldereinsoarch. Nei ûndersyk docht no bliken dat de partijen ferskillend tinke oer de ynfolling fan de foardielen. Beide soarchynstânsjes tinke dêrom dat se foarearst better selstannich fierder gean kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)