Fúzje yn Noardeast-Fryslân

25 jun 2014 - 22:22

Der komt in amtlike fúzje tusken de gemeenten Dantumadiel, Dongeradiel, Ferwerderadiel en Kollumerlân. Dat hawwe de fraksjefoarsitters fan ferskate partijen woansdei besletten. Op 1 jannewaris 2015 moat de nije organisaasje der stean. De fúzje is needsaaklik om de taken dy't it Ryk nei gemeenten ôfstjit as ien organisaasje opfange te kinnen.

Yn 2016 sil de ambtlike fúzje evaluearre wurde en sprekke de gemeenterieden har út oer in bestjoerlike fúzje yn 2018. Yn septimber moatte de ferskate rieden hjir noch wol formeel mei ynstimme.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)