Fúzje yn berne-opfang

17 mrt 2004 - 00:00

Stichting Wolwêzen is de nije namme fan in berne-opfang. Dy ûntstiet nei fúzje fan de pjutteboartersplakken op It Bilt en De Skalm yn Stiens. Dy stichting soarget ek foar berne-opfang. De nije stichting begjint 1 april en der wurkje 60 minsken.

Foar âlden en bern feroaret troch de fúzje neat. De bestjoersleden fan de pjutteboartersplakken op it Bilt binne bliid. Mei de fúzje nimt de hege wurkdruk by it bestjoer ôf.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)