Fúzje wurkfoarsjennings

09 sep 2000 - 14:09

De fúzje fan de sosjale wurkfoarsjennings DSW (Ljouwert) en De Woudengroep (Drachten) giet wierskynlik troch. Utgongspunt is dat de fúzje gjin gefolgen ha mei foar de 2500 meiwurkers.

Bestjoeren, ûndernimmingsrieden en de acht belutsen gemeentes moatte har noch útsprekke oer it plan dat no foarleit. It haadkantoar fan de nije organisaasje soe yn Drachten komme moatte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)