Fúzje wolwêzen yn Ljouwert

29 apr 2010 - 11:49

Der komt ien grutte organisaasje foar wolwêzen yn 'e gemeente Ljouwert. De bestjoeren fan wolwêzensorganisaasjes Sinne Welzijn en Welzijn Leeuwarden smite de lapen gear. Datum fan yngong is 1 jannewaris takom jier.

De organisaasjes lûke no al hieltyd faker mei-elkoar op, yn maatskiplik wurk en jongerenwurk en by it nije multikulturele sintrum fan Ljouwert. Mei de fúzje kinne de 150 meiwurkers effisjinter wurkje en de kwaliteit fan de helpferliening ferbetterje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)