Fúzje wenningboukorporaasjes

06 jun 2009 - 12:56

De fúzje fan wenningbouferiening Welkom en Nieuw Wonen Fryslân is goedkard troch in ministearje fan Folkshúsfesting. De direkteuren fan beide ynstellings ha earder fannewike dêrom de hantekenings setten ûnder de fúzjedokuminten.

Dêrmei is de nije wenningboukorporaasje in feit. In nije namme is der noch net. Foarearst wurdt de wurknamme Welkom Nieuw Wonen brûkt. De nije organisaasje is 18.000 wenten en 200 meiwurkers grut.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)