Fúzje VVV's Lauwersmargebiet

30 sep 2004 - 16:19

Trije lytse VVV's yn it Lauwersmargebiet binne tongersdei fusearre ta ien regionaal VVV-buro, de VVV Lauwerslân. De lanlike organisaasje wol graach dat der úteinlik 20 sokke grutte VVV-buro's komme.

De fúzje moat liede ta bettere promoasje, mear toeristen en in finansjeel sûnere posysje. Meikoarten komt VVV Lauwerslân mei in nije website, dy't njonken de tradisjonele folders mear toeristen lûke moat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)