Fúzje Vitens en Hydron rûn

13 jul 2006 - 10:22

De fúzje tusken drinkwetterbedriuwen Vitens en Hydron út it midden fan it lân is rûn. De bedriuwen gean fan 1 oktober ôf fierder ûnder de namme Vitens. Neffens in wurdfierder sille der gjin twongen ûntslaggen falle.

It nije bedriuw krijt 2,3 miljoen oanslutings yn Fryslân, Flevolân, Gelderlân, Oerisel, Utrecht en inkelde gemeenten yn Drinte. By it bedriuw sille yn de nije opset sawat 1500 minsken wurkje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)