Fúzje twa fitnessclubs Ljouwert

12 des 2005 - 21:45

Ljouwert krijt de grutste fitnessclub fan Fryslân mei 4000 leden. Dy ûntstiet troch in fúzje fan de Healthclub Ljouwert en Gymnasion. Se sille fierder yn it gebou fan de Healthclub oan it Saailân.

Neffens de club wie in fúzje nedich om't de leden hieltyd mear easken stelle. No sil de club sân dagen yn de wike iepen wêze en kinne minsken sûnder ôfspraak meidwaan oan lessen en groepsaktiviteiten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)