Fúzje tusken DOC Kaas en Dútske DMK groep mei trochgean

04 mrt 2016 - 10:53

De Europeeske Kommisje hat de fúzje tysken DOC Kaas yn Hoogeveen en de Dútske DMK Groep goedkard. Dat betsjut dat de bedriuwen mei yngong fan 1 april offisjeel tegearre fierder gean.

DOC is in grutte Nederlânske tsiisprodusint dy't tsiis eksportearret oer de hiele wrâld. Der binne in soad Fryske boeren by oansletten. DMK is de grutste suvelûndernimming fan Dútslân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)