Fúzje tsjerken Bûtenpost

28 maaie 2009 - 07:26
  • De NH-tsjerke fan Bûtenpost
  • De grifformearde tsjerke fan Bûtenpost

De beide protestantske tsjerken fan Bûtenpost fusearje. De gemeenteleden giene woansdeitejûn akkoart mei de fúzje tusken de Grifformearde en Herfoarme tsjerke.

Beide tsjerken wurkje al langer meielkoar gear. Nei de fúzje feroaret der dan ek net folle. De bedoeling is dat de tsjerken op 1 jannewaris fan takom jier ynelkoar op geane.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)