'Fúzje ta noardlike plysje'

23 des 2009 - 16:49

De plysjes fan Fryslân, Drinte en Grinslân moatte fusearje. Dat wol de Grinzer korpssjef Dros. Hy nimt mei dit stânpunt in foarskot op in diskusje yn it kabinet. Minister Ter Horst is dwaande om stypjende tsjinsten te sintralisearjen. Dy slach is yn it Noarden al makke en dus kin de folgjende stap ek makke wurde.

De PvdA-fraksje yn Ljouwert makket him grutte soargen oer de sintralisaasje fan de plysje en de gefolgen derfan foar de wurkgelegenheid.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)