Fúzje soarch yn Smellingerlân

25 jan 2005 - 13:15

Soarchorganisaasjes ZuidOostZorg en Zorg en Service Smallingerland binne fan doel per 2006 te fusearjen. Begjin april wurdt de yntinsjeferklearring tekene. Beide organisaasjes binne aktyf yn it easten fan de provinsje.

Fanwege de fergrizing is der hieltyd mear soarch nedich foar âlderen. Yn Smellingerlân nimt it tal 75+'ers bygelyks mei 20% ta oant 2015. De organisaasjes stribje dernei âlderen sa lang mooglik thús wenje litte te kinnen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)