Fúzje PvdA-ôfdielings SW-hoeke

27 apr 2009 - 10:32

De PvdA-ôfdielings fan Boalsert, Nijefurd, Snits, Wûnseradiel en Wymbritseradiel smite op 1 july fan dit jier de lapen gear. Soks is nedich, omdat der ien grutte gemeente komt yn de Súdwesthoeke.

De ôfdielingsbestjoeren fan 'e PvdA ha mei-inoar in plan makke dêr't yn stiet wat der allegearre barre moat om fan fiif ôfdielings ien te meitsjen. De partij moat ûnder oare neitinke oer in list foar de riedsferkiezings, mar dêr is noch wol wat tiid foar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)