Fúzje PTC-plus en DTC Ljouwert

08 jul 2013 - 17:13
  • De belutsenen jouwe in taljochting

De praktykskoalle PTC plus yn Oentsjerk giet op yn it nije Dairy Traning Centre yn Ljouwert. Fan 1 september 2015 ôf sil der gjin les mear jûn wurde yn Oentsjerk. Alle aktiviteiten en personielsleden krije dan ûnderdak by de Diary Campus oan de westkant fan Ljouwert. Nei de gearfoeging moat it útgroeie ta in nasjonaal en ynternasjonaal trainingssintrum op it mêd fan melkfeehâlderij. Om eltsenien plak te jaan sil de Dairy Campus ynkoarten foars útwreide wurde. It is de bedoeling dat der takom jier goed 500 kij molken wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)