Fúzje pjutteboartersplakken

30 maaie 2004 - 00:00

De fúzje fan de pjutteboartersplakken yn Akkrum, Warten, Wergea, Reduzum, Jirnsum en Raerd kostet de gemeente Boarnsterhim tsientûzenen euro's. De kommende jierren moat de bydrage mei 70.000 euro yn it jier omheech.

It jild is neffens de gemeente nedich foar kwaliteitsferbettering en profesjonalisearing. Ek de bydrage fan de âlden soe 40% omheech moatte. De fúzje krijt op 1 augustus syn beslach. Der wurdt al trije jier oer praat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)